Gauwer wer better wurde nei ic-opname mei fysioterapy en aaiwytryk iten

Wer better wurde nei in intensive care-opname is as it rinnen fan maraton, krekt neidatst oer de finish kaam bist foar dyn earste maraton. Fan de pasjinten dy't langer as twa dagen op de ic lein hawwe, is hast de helte nei in jier noch net wer better.
© Omrop Fryslân, Roelof Lousma
In behannelplan is moat dêr ferbettering yn bringe. It is ûnderdiel fan in promoasje-ûndersyk troch Lise Beumeler. It sikehûs MCL yn Ljouwert wurket dêrfoar gear mei de Campus Fryslan. It plan bestiet út tolve wiken fysioterapy yn kombinaaasje mei aaiwytryk iten.
Ien fan de dielnimmers oan it ûndersyk is de 66-jierrige Dixy van der Goot út Ljouwert. Twa jier lyn lei se nei in slimme ynfeksje sân wiken op de intensive care. Mei har giet ferslachjouwer Roelof Lousma fan Omrop Fryslân werom nei de gong dêr't se de earste stappen nei har werstel sette.
Reportaazje oer refalidearje nei in ic-opname