Fryske CDA-lieder Joosten "onaangenaam verrast" oer opstappen Omtzigt

13 jun 2021 - 11:48

De foarsitter fan it CDA yn Fryslân is "onaangenaam verrast" en teloarsteld troch it opstappen fan CDA-Twadde Keamerlid Pieter Omtzigt. De yntinsje wie neffens Theo Joosten om it petear oan te gean en it binnen de partij yn goed oerlis op te lossen mei it Twadde Keamerlid.

Theo Joosten - Foto: Omrop Fryslân

Omtzigt hie in notysje skreaun oan in kommisje mei syn ûnderfinings. Dêr stean in tal swiere saken yn oer hoe't it Keamerlid him behannele fielt troch de top fan de partij.

Mol

Dy notysje fan Omtzigt is útlekt. Wa't dat dien hat, is net bekend. Neffens Joosten kaam it net út de kommisje wei. Hy fynt it in ferfelende gong fan saken. "Wat zijn of of haar bedoeling is geweest, weet ik niet. Maar het geeft geen pas"

Njonken de teloarstelling is it neffens Joosten tagelyk ek goed dat der no dúdlikheid is. Foar sawol Pieter Omtzigt as de fraksje seit Joosten.

Dat Omtzigt wol ûnôfhinklik Keamerlid bliuwt, dêr hat Joosten gjin miening oer. "Kamerleden hebben het mandaat van de kiezer, dus formeel mag het. Daar heb ik geen opvattingen over."

Foarsitter fan CDA Dantumadiel Albert van der Ploeg reagearre moandei. "Minsken fine dit oergryslik spitich, en snappe dit gewoan net", seit er oer it opstappen Omtzigt nei it útlekken fan de memo. Der moat ynkoarten in kongres organisearre wurde, Van der Ploeg fynt dat in goede saak: "Ik tink dat it goed is om de minsken byinoar te hawwen, ek om de oare lûden te hearren."

Omtzigt syn opstappen is in ferlies foar de partij, fynt de foarsitter fan it CDA Fryslân. Hy striidt foar de boargers en tsjin de ûnbetrouberens fan de oerheid. De bernetaslagge-affêre hat oantoand dat de oerheid net altyd betrouber is en dat boargers net rjochtfeardich behannele binne. Dat is neffens Joosten in grutte fertsjinste fan Pieter Omtzigt.

Dat Pieter Omtzigt ek binnen syn partij negeard waard en it him net slagge oaren binnen it CDA te oertsjûgjen is hiel ferfelend, seit Joosten.

Komst ûndersyk nei it lek noch ûndúdlik

Joosten hat sneon fergadere mei it lanlik partijbestjoer om te bepraten hoe hjirmei om te gean. De konklúzje is dat it skea docht oan de partij, benammen it lekken. Oft der in ûndersyk komt nei wa't dit nei bûten brocht hat, wit Joosten noch net. It is wol in saak dy't neffens him "boven de markt blijft hangen".

(Advertinsje)
(Advertinsje)