FIDEO: Tsjerketsjinst út de Grutte of Martinitsjerke yn Snits wei

13 jun 2021 - 10:00

Yn Fryslân ferfalle in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert Omrop Fryslân alle sneinen live in tsjinst út. Dizze snein komt de tsjinst út de Grutte of Martinitsjerke yn Snits wei. It set útein om 10.00 oere.

De tsjinst wurdt fersoarge troch de Kristlik-Grifformearde Tsjerke Snits. De foargonger is Geert Bruinsma. It oargel wurdt bespile troch Bob van der Linde en fierdere muzikale begelieding komt fan de muzykgroep Connected.

De liturgy foar de tsjinst fan 13 juny is hjir te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)