Skoallieding Tjalling Koopmans College Hurdegaryp: "Ik juich vertrek docenten toe"

De skoallieding fan it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp is bliid dat ûntefreden dosinten de skoalle ferlitte. Dat stiet yn in mail fan de koördinator skoallelieders Suzan Polet oan de âlden. Se sprekt fan in 'hetze 'yn de media tsjin de skoalle.
It is flink rebûlje by it Tjalling Koopmans College:
Omrop Fryslân melde dat mear as de helte fan de 43 dosinten it ôfrûne skoaljier fuortgien is út frustraasje oer it belied fan de skoalle. Polet is dêr net rouwich om: "Ik juich het vertrek van deze groep docenten toe. Zo kan de nieuwe schoolleider starten met een fris team."
Koördinator Suzan Polet oer de gong fan saken
Polet is de frou fan bestjoersfoarsitter Misha van Denderen fan de lanlike ûnderwiiskoepel School voor Persoonlijk Onderwijs. Dêr falle acht skoallen ûnder. Yn Fryslân is it Tjalling Koopmans College Hurdegaryp de iennige skoalle dy't ûnder de koepel SVPO falt.
Een groep bovenbouwdocenten heeft een eigen invulling bedacht voor het SVPO-concept, namelijk kleine klassen voor het eigen gemak van de docenten.
Suzan Polet
Polet is de oprjochter fan de skoalle yn Hurdegaryp. "Ik bin dy skoalle begûn mei in dúdlike doelstelling: bern kânsen jaan. Op it momint dat ik konstatearje dat in groep dosinten in eigen ynfolling hat fan wêr't wy foar steane, dan kin dat net."
Yn in petear mei Omrop Fryslân makket se de fergeliking mei dosinten fan in Montessoriskoalle dy't ynienen in frije skoalle derfan meitsje wolle. "Dat kin fansels net!"
Yn de mail nei de âlders skriuwt Polet: "Ik heb met lede ogen moeten zien dat een groep bovenbouwdocenten een heel eigen invulling heeft bedacht voor het SVPO-concept, namelijk kleine klassen voor het eigen gemak van de docenten."
Polet stelt dat troch de "te beperkte opvatting van deze docenten" de eksamenresultaten de lêste twa jier minder wurden binne..
It Tjaling Koopmans College yn Hurdegaryp © Omrop Fryslân, Theo Ligthart

"Onprofessioneel en triest, ten koste van de leerlingen"

Se neamt it yn har brief "onprofessioneel en triest" dat de dosinten mei de media praat hawwe "over de hoofden van mij, mijn man en kinderen en mijn familie heen. Daarbij hebben niet deze docenten last van de naweeën van de onterechte publiciteit, maar de leerlingen."
Polet is net benaud dat de rebûlje skea dwaan sil oan it imago fan de skoalle: "Ik hoopje dat it imago bliuwt dat wy earne foar steane." It soe har lykwols net fernuverje as der learlingen fan skoalle gean, nei oanlieding fan de argewaasje. "Ik wit dat der dosinten binne, dy't yn de klassen har frustraasje ferteld hawwe oan de learlingen." De kar is dêrnei oan de learlingen wat se beslute.