Judoka Ausma net yn aksje op WK fanwege blessuere

12 jun 2021 - 22:38

De 24-jierrige Natascha Ausma sil snein, op de lêste dei fan it WK judo net yn aksje komme. Se soe allinnich meidwaan op it teamûnderdiel, mar heakket no blessearre ôf.

Foto: Orange Pictures

By it teamûnderdiel nimme lannen it yn ferskate gewichtsklasses tsjininoar op. Ausma hie graach ek op in yndividueel nûmer meidien, mar dat siet der net yn. No moat se ek nochris it teamûnderdiel sjitte litte.

Ausma docht fan 't simmer net mei oan de Olympyske Spelen.

Trefwurden: 
Natascha Ausma judo
(Advertinsje)
(Advertinsje)