Ferlotting smyt hast 25.000 euro op foar Odensehûs Dirk Baron

12 jun 2021 - 21:37

In spesjale ferlotting foar it Odensehûs Dirk Baron hat yn totaal hast 25.000 euro opsmiten. Sneontemiddei waard de sjek oerlange oan foarsitter Jaap Broersma.

Foto: Odensehuis Dirk Baron

De ferlotting wie in inisjatyf fan de Drachtster Boys en KV Drachten/VanderWiel. De ferienings woene mei de aksje jild ophelje om har akkommodaasjes duorsumer te meitsjen.

Om't sawol KV Drachten/VanderWiel as de Drachtster Boys in goeie bân hiene mei Dirk Baron, waard besluten om ek in persintaazje fan de opbringst te jaan oan it Odensehûs. It hûs foar minsken mei begjinnende demintens, is neamd nei Omrop Fryslân sjoernalist Dirk Baron.

It Odensehûs wol it jild brûke foar saneamde BeleefTV. Dat is in ynteraktive tafel dy't sosjale kontakten en beweging stimulearret.

Foarsitter Jaap Broersma fan de Stichting Odensehuis Dirk Baron: "Van zo'n gift word je sprakeloos. Het geeft aan hoe het Odensehuis en vooral naamgever Dirk Baron erop stond bij beide verenigingen. We zijn hier echt heel dankbaar voor."

Trefwurden: 
Dirk Baron Odensehûs
(Advertinsje)
(Advertinsje)