Hast in ton ophelle foar troch brân dupearde famylje Van der Wal

De donearaksje foar de famylje Van der Wal hat hast in ton opsmiten. Sneontemiddei krigen se de sjek foar 96.690 euro oerlange. Ferline moanne rekke de famylje Van der Wal har houthannel en wenhûs kwyt by in grutte brân.
Lieuwe en Akkelien van der Wal hawwe hast gjin wurden foar dit grutte jildbedrach. "It is net te leauwen", fertelle se. It pear hat in soad reaksjes krigen, nei de brân. "Sa krije wy tekeningen fan bern, en in bakje mei ien euro...dat is gewoan geweldich."
De donearaksje is opset troch Wico Alkema, en wie eins fuort in sukses. "Wy hiene dit net sa ferwachte, we tochten miskien 2000 of 2500 euro", fertelt er. Nei't er de berjochten hearde oer de brân woe er fuort wat dwaan foar de famylje. "Wy witte hoe't it is om sa'n bedriuw mei-inoar op te setten."
© Demi Hoekstra, RTVNOF