Bangma baalt fan tredde plak op WK, mar fynt ek positive kanten

it is parahurdfytser Tristan Bangma fan Donkerbroek net slagge om syn WK titel op de dyk te prolongearjen. Hy behelle úteinlik mei syn piloat Patrick Bos it tredde plak. It WK fan dit jier wurdt organisearre yn it Portugeeske Cascais, en jildt as tarieding op de Paralympyske Spelen.
Tristan Bangma (rjochts) en Patrick Bos © Omrop Fryslân, Freark Wijma
Yn earste ynstânsje baalde Bangma fan it resultaat, mar nei inkele oeren begjint it resultaat dochs wat te besinken: "We moeten tevreden zijn met een medaille", fertelt Bangma nei de wedstriid fanút Portugal. "Je kan niet altijd winnen, dat hoort bij de sport. Er had meer ingezeten, als we de finale net iets anders hadden aangepakt."
Hy doelt hjirmei benammen op de lêste kilometers. Mei ferskate koppels dy't besochten te ûntsnappen draaide de wedstriid úteinlik út op in lange sprint. "We kwamen nog dichtbij maar het was niet genoeg."

Paralympyske Spelen

It wie foar Bangma en Bos de lêste grutte wedstriid foar de Paralympyske Spelen, letter dit jier yn Tokyo. In wedstriid sa as dy fan sneon, is dan in goed learmomint. "Hier kunnen we wel wat mee voor de Paralympische Spelen. We gaan dit nog goed nabespreken met het team, en we kunnen er zeker wat mee." Dêrnjonken hawwe Bangma en Bos sneon wer sjen litten dat se by de wrâldtop hearre.
Nei dit WK begjint hast fuortendaliks it tariedingsskema foar de Spelen. Mei earst in wike rêst, folgje dêrnei trainingswiken yn Nederlân, Spanje en Portugal. Om úteinlik oer goed tsien wiken yn Tokyo te flamjen.