Nije Feanster hurdfytsklup wol topploech wurde

12 jun 2021 - 18:15

Fryslân hat der in nije elite-hurdfytsklup by: Grutsk op Fryslân. De klup hat Hearrenfean as thúsbasis, en operearret op it nivo tusken top-amateur en profesjoneel hurdfytser.

Foto: www.orangepictures.nl

It idee is sân jier lyn ûntstien, fertelt Ruben Hoekstra. De Friezen kamen by wedstriden faak tusken de hûnderten Belgen, pear Dútsers en Nederlanners inkele provinsjegenoaten tsjin. "Dan wolle je eins dat in Fries de wedstriid wint, mar dy Fries sit dan net by dy yn it team. Dat is dochs in bytsje dûbeld."

Om dochs sa'n Frysk team te krijen, is yn 2015 úteinset mei de earste oanset nei de nije hurdfytsploech. "Wy binne dêrnei útgroeid ta in grutte ploech, mei no sa'n 15 elite hurdfytsers."

Dy falle no ûnder dizze nije feriening, mei fuortendaliks ek al in ambysje om noch fierder te groeien. Hoekstra wol dat de ploech fan Grutsk op Fryslân oer inkele jierren in hurdfytsploech is foar de topkompetysje.

Ruben Hoekstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)