Bestelbus rôlet hast fan fearboat De Vlieland ôf

12 jun 2021 - 17:42

It hie net folle skeeld of in wyt bestelbuske hie de oertocht fan Flylân nei Harns net sûnder wetterskea folbrocht. Krekt bûten de haven fan Flylân rôle de auto hast fan de fearboat ôf.

Foto: By redaksje bekend

De Vlieland wie krekt de haven út doe't de auto hast it wetter yn rûgele. Rêdingsboat de Skua waard oproppen om te assistearjen. Neffens de earste berjochten is gjinien ferwûne rekke by it foarfal. De auto is mei sjorbannen fêstset, om foar te kommen dat er folslein yn it seewetter ferdwûn.

De fearboat is fuortendaliks werom fearn nei de haven fan Flylân, wêrnei't se mei help fan de brêge de auto wer folslein oan board krigen hawwe.

Trefwurden: 
auto De Vlieland fearboat
(Advertinsje)
(Advertinsje)