Fideodeiboek: lêste coronapasjinten op de covid-ôfdielingen en IC's

12 jun 2021 - 16:55

In grutte opluchting by de sikehûzen no't hieltyd mear IC en covidôfdielingen sluten wurde kinne. Ek by longdokter Wouter van Geffen en teamlieder fan de IC Elco Spoelstra oerhearsket de blydskip.

Lêste fideodeiboek 'Berjochten út it hert'

Yn it lêste healjier hawwe se fideodeiboeken byhâlden fan alles wat der efter de skermen yn de sikehûzen MCL en Tjongerschans barde. Fan soargen rûnom de krysttiid oant in coronamedisyn. Fan meiwurkers dy't it swier hawwe oant de earste faksins.

Mear vlogs fan Wouter van Geffen, Elco Spoelstra en de oare vloggers fan de rige Berjochten út it hert sjen? Dat kin fia omropfryslan.nl/vlog.

Trefwurden: 
coronavlog
(Advertinsje)
(Advertinsje)