Yn fiif oeren fan Skylge nei It Amelân op spierkrêft

12 jun 2021 - 16:21

It wie sneon in spannende dei foar de studinten fan de seefeartskoalle op Skylge. Njoggen learlingen fan it Maritym Ynstitút Willem Barentsz setten moarns om healwei seizen ôf foar in roeitocht fan West-Skylge nei It Amelân. In tocht fan goed 42 kilometer lang.

Unike roeitocht fan Skylge nei it Amelan

De dielnimmers oan de tocht binne allegearre ûnder de 27 jier, in gelok want dat betsjut dat se tastimming hiene om yn groepsferbân te trainen foar de lange tocht. Fanwege corona wie dat foar âldere minsken ferbean. Benammen yn maart en april hawwe de studinten goed oefene foar de tocht.

De rûte tusken beide Waadeilannen is net maklik omdat op it wantij somtiden gjin wetter stiet. Hiele stikken falle drûch, dus it is goed útkine wannear't jo farre moatte.

Foto: Omrop Fryslân, Lennard Geerts

Oan de grûn

Uteinlik duorre de tocht minder lang as yn it foar tocht. De studinten hiene ferwachte dat se der sawat seis oeren oer dwaan soene, mar se wiene nei goed fiif oeren en in kertier al te plak. En dan wiene se ek noch oan de grûn rûn op in ûndjipte.

Om it gefaarte wer los te krijen moasten de dielnimmers de boat út, om de sloep nei djipper wetter te triuwen. Nei wat hurd wurk slagge dit, wêrnei't se wer fierder roeie koene.

Hoewol't de fergeliking miskien maklik makke is, is dizze roeitocht wol wat oars as de meunsterwedstriid fan Harns nei Skylge. Mar de wille is der net minder om, seit Geert van Gameren, ien fan de dielnimmers op de boat.

De roeiers gean snein werom nei Skylge, mar dan net roeiend. Mooglik sit der yn de takomst noch in nije grutte tocht yn, bygelyks nei Teksel.

Geert van Gameren

Trefwurden: 
Skylge It Amelân roeie
(Advertinsje)
(Advertinsje)