Fryske coronasifers sakje noch hieltyd

12 jun 2021 - 15:21

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 24 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne trije minder as freed. Doe gie it om 27 nije besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne sneon meld yn de gemeente Noardeast-Fryslân (5).

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne wol twa persoanen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 1265 nije coronagefallen registrearre. Freed wiene dat der 1417.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)