Tennisser Arends ûnderút yn finale challenger toernoai

12 jun 2021 - 15:09

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert is sneon yn twa sets ûnderút gien yn de finale fan it ATP challenger toernoai yn Bratislava.

Sander Arends - Foto: Orange Pictures

Arends spile mei syn dûbelpartner Luis David Martinez út Fenezuëla. Yn de finale moast it duo it opnimme tsjin Molchanov út Oekraïne en Nedovyesov út Kazachstan. Dit twatal wie mei 7-6 en 6-1 te sterk foar Arends en syn partner.

Arends spile dit toernoai net mei syn fêste partner David Pel. Dy hie noch tefolle lêst fan de neisleep fan in coronabesmetting.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(Advertinsje)
(Advertinsje)