HEA! Wetterwille en salto's yn Wier

It is in gesellige boel by de brêge fan Wier op dizze waarme middei. De jonges en famkes springe sa fan de brêge it wetter yn. Lian Boersma falt lykwols behoarlik op as se mei in sierlike salto efteroer yn it wetter springt. As lyts famke die se mei oan EK's en WK's turnjen, mar dat leit no efkes stil. Se wol genietsje fan har jeugd en traint dêrom net mear mei op it heechste nivo. "Miskien pak ik it letter wol wer op, mar no wol ik wille hawwe mei de oare tieners út it doarp."
HEA! Salto efteroer op de brêge