Gjin lanlike priis, mar wol earfolle fermelding foar streekomrop RTV NOF

RTV NOF hat in earfolle fermelding krige op de lanlike Lokale Omroep Awards yn Hilversum. De streekomrop foar it noardeasten fan Fryslân siet by de trije bêste, lokale omroppen. Winner waard OPEN út Rotterdam.
© Omrop Fryslân, Harm Weistra
De ferkiezing wurdt alle jierren holden troch de Stichting Nederlandse Lokale Publieke Omroepen. De prizen waarden freedtejûn online bekend makke op in livestream út Beeld en Geluid wei yn Hilversum.
RTV NOF is de omrop foar Achtkarspelen, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân en Tytsjerksteradiel. De sjuery is goed te sprekken oer it entûsjasme fan de 'yn ferhâlding lytse' omrop. Dy is in foarbyld foar oare lokale omroppen yn Nederlân. Se litte sjen dat in omrop yn in tinbefolke streek it poerbêst dwaan kin, as der ekstra jild en gearwurking mei oaren mooglik is, sa is de sjuery fan miening. RTV NOF wurket gear mei Omrop Fryslân.
De sjuery skriuwt dat de produksjes fan RTV NOF bysûnder binne en midden yn de maatskippij stean. Ynwenners meie grutsk wêze op sa'n goede omrop en dat fertsjinnet in earfolle fermelding.