Unfrede by Tjalling Koopmans College Hurdegaryp: leararen stappe op

12 jun 2021 - 11:55

Skoalle it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp is "een dictatoriale malafide organisatie en de leerlingen zijn de gijzelaars." Dat seit ien fan de dosinten fan de skoalle tsjin Omrop Fryslân nei oanlieding fan in ferhaal yn deiblêd Trouw.

Unfrede by Tjalling Koopmans College Hurdegaryp

De School voor Persoonlijk Onderwijs (SVPO) dêr't it Tjalling Koopmans as iennige Fryske skoalle ûnder falt, leit ûnder fjoer fan de ûnderwiisynspeksje, sa skriuwt de krante sneon. De baas fan de SVPO besiket foar de rjochter publikaasje fan it ynspeksjerapport tsjin te hâlden. "Een dramatisch rapport wat we wederom niet te lezen krijgen."

It Tjaling Koopmans College yn Hurdegaryp - Foto: Omrop Fryslân, Theo Ligthart

Lytse klassen

Op it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp krije likernôch 370 leerlingen les op havo- en vwo-nivo. Dat bart yn lytse klassen, sadat der mear oandacht is foar de yndividuele learling.

It measte wurk wurdt dien op skoalle. Learlingen hoege thús hast neat mear te dwaan. Dat konsept makket dat learlingen út de hiele provinsje nei de skoalle yn Hurdegaryp ta gean.

Unfrede

De lêste jierren rommelet it lykwols. Der is in soad wikseling yn de lieding en dosinten binne ûntefreden. Dit skoaljier is neffens in dosint in djiptepunt. "Van de 43 leerkrachten is meer dan de helft ontslagen of opgestapt. Het is heel erg wat er allemaal gebeurt. Het is funest, mensen worden hier letterlijk kapot gemaakt."

Neffens de dosint binne der folle mear kollega's dy't der sa oer tinke. "Ik weet dat er op dit moment niet meer dan tien docenten uit vrije wil op school blijven." Yn de heechste klassen binne der noch mar twa leraren dy't bliuwe wolle.

Daar krijgen wij de schuld van. 

Dosint oer te lege prestaasjes

Der binne in soad konflikten tusken de skoallieding en it personiel. "Er wordt alleen via de mail gecommuniceerd. En het ligt altijd aan ons, nooit aan de leiding of het systeem."

Sa binne bygelyks yn klasse 4 de prestaasjes te min. "Dat heeft te maken met het systeem in de eerste drie klassen waarbij leerlingen echt aan de hand worden genomen door de leraar. In klas vier moeten ze opeens zelfstandig werken en dat hebben ze niet geleerd. En daar krijgen wij de schuld van."

Gefolch is dat dosinten kunstmjittich de sifers ferheegje, sadat se net yn de problemen komen. "Omdat ze bang zijn. Er heerst hier een angstcultuur."

Het gaat om enkele docenten uit de bovenbouw die de terechte conclusie hebben getrokken dat ze niet bij het SVPO passen.

Bestjoerder Misha van Denderen fan de acht SVPO-skoallen yn Nederlân

De lieding fan it Tjalling Koopmans College wie net berikber foar kommentaar. Skoalbestjoerder Misha van Denderen, de baas fan de acht SVPO-skoallen yn Nederlân, seit dat de leechrin op de skoalle yn Hurdegaryp earne oars oan leit.

Yn in mail oan de âlden dy't yn besit is fan Omrop Fryslân skriuwt er: "Behalve mensen die een nieuwe stap in hun leven of loopbaan maken, gaat het om enkele docenten uit de bovenbouw die de terechte conclusie hebben getrokken dat ze niet bij het SVPO passen."

Yn de mail ûntkent Van Denderen dat dosinten de skuld krije fan de minne sifers fan de leerlingen. "Dat is niet waar."

Bert Mul - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Der binne sinjalen dat de learlingen ek fan de skoalle yn Hurdegaryp ôf wolle. Learaar Bert Mul ropt alle skoallen op om dizze learlingen dochs foaral op te nimmen. Mul is ierdrykskundelearaar.

"De e-mails van de leiding zijn negatief en belerend. Je voelt je als onderwijsprofessional niet serieus genomen. Verder is het moeilijk om een dialoog aan te gaan. Waar je je als docent niet veilig voelt, kun je die veiligheid nooit aan leerlingen bieden en daar word ik verdrietig van", seit Mul.

(Advertinsje)
(Advertinsje)