Judoka Ausma op WK yn aksje op teamûnderdiel: "Net mei tsjinsin, mar wol mei oare blik"

12 jun 2021 - 11:21

Mei it brûns fan Sanne Vermeer hat Fryslân al ien medalje binnenhelle op it WK judo yn Boedapest en dêr kin dit wykein samar noch ien by komme. De 24-jierrige Natascha Ausma komt op snein, de lêste dei fan it toernoai, nammentlik yn aksje op it teamûnderdiel.

Natascha Ausma sjocht foarút op har dielname:

Dat Ausma allinnich op it teamûnderdiel yn aksje komt, is lykwols wol in teloarstelling foar har. De judoka fan Lippenhuzen hie ek graach yndividueel yn har eigen klasse meidien.

"Ik haw ek mear as foldien oan de seleksjekritearia dêrfoar", seit Ausma, dy't op it stuit de nûmer 25 fan de wrâld is. It bûn hat keazen foar de 28-jierrige Guusje Steenhuis (nr. 6) en de 35-jierrige Marhinde Verkerk (nr. 18).

Spelen fan 2024

Verkerk hâldt nei it toernoai lykwols op mei profjudo. "Ik hie miskien my dan stjoerd, om't it foar my foar de Olympyske Spelen fan 2024 in goede oefening is, mar ik haw dêr gjin ynfloed op", seit Ausma.

En dus is de Friezinne feroardiele ta it teamûnderdiel. "Ik gean net mei tsjinsin, mar wol mei in oare blik", seit Ausma. "Ik wol wol gewoan mei it team goud winne, lykas altyd."

Nij ûnderdiel

By it teamûnderdiel nimme lannen it yn ferskate gewichtsklasses tsjininoar op. Foar elke wedstriid dy't wûn wurdt, krijt it lân in punt. It lân dat de measte punten hat nei alle wedstriden is de winner fan it duel.

Ausma komt út yn de gewichtsklasse +70 kilogram. "Ik bin sels ûngefear 76 kilo. Mar ik kin ek tsjin judoka's fan boppe de 100 kilo komme. Dus dat is wol in útdaging", seit se.

Net kânsleas

Dat wol net sizze dat se folslein kânsleas is yn dizze klasse. "Ik tink wol dat, as ik echt tsjin in hiel swiere moat, ik net presys wit wat ik dêr tsjin dwaan moat. Mar der binne ek genôch yn dizze klasse dy't wol ûnder de 100 kilo binne, dus dêr haw ik wol kâns tsjin. Oars hiene se my ek net stjoerd, fansels."

Oft der kâns is op in medalje fynt Ausma lestich te sizzen. "Dat hinget benammen fan de lotting ôf. Der binne in pear lannen dy't echt sterker binne as ús, mar der binne ek lannen dêr't we wol fan winne kinne", sa seit Ausma.

Trefwurden: 
Natascha Ausma judo WK judo
(Advertinsje)
(Advertinsje)