Oranjebuert yn Drachten: "Sy wurde gjin kampioen, mar dat makket neat"

12 jun 2021 - 10:30

Sa fier't it each rikt, binne oranje flachjes, strikken en skerms te sjen. Snein begjint it Nederlânsk alvetal oan it EK fuotbal. It oranjegefoel is der al hielendal yn de strjitte Wyldsang yn Drachten. It wie in idee fan buertbewenner Anneke Baron.

Wyldsang yn Drachten is klear foar it EK:

In soad betrouwen yn it toernoai hat se lykwols net: "Nee, se wurde gjin kampioen. Mar dat makket neat. We supporte se mei flachjes. De potten bier binne ynslein!"

Anneke Baron fertelt dat sy de hiele outlet leechkocht hat. "Alle flaggen haw ik pakt. Doe wie der in famke dat sei: 'Ik moet ook nog vlaggetjes hebben.' Mar ik sei: 'Sorry.' No ja, dat famke hie mar twa pakjes en ik haw de rest kocht. Fjirtich pakjes." En dêrnjonken ek noch trije grutte pakken mei elts 50 meter.

Hechte buert

Sawat de hiele strjitte docht mei. Anneke: "It stiet leuk. Gesellich!" Har buorman, Henk Helmhout, hat holpen mei it ophingjen fan alle flachjes: "Het is een beetje saamhorigheid in dit straatje. We doen alles met elkaar. We zijn een heel hechte buurt."

Ek buorman Henk tinkt net dat it Nederlânsk alvetal mei de winst útnaait: "Ik hoop dat ze winnen, maar dat zal vast wel niet. Ze zijn niet zo goed als ze waren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)