Theo Joosten oer memo Omtzigt: "Het is ingeslagen als een bom, dit is geen goed nieuws"

12 jun 2021 - 09:00

In memo fan Pieter Omtzigt dêr't er hurd yn úthellet oer syn eigen partij it CDA is tongersdei útlekt. Neffens foarsitter Theo Joosten fan CDA Fryslân is it 76 siden tellend rapport gjin goed nijs, mar kin de partij noch hieltyd meidwaan oan in nij kabinet.

Theo Joosten: "Het is ingeslagen als een bom"

It rapport is gjin goed nijs foar it CDA, seit foarsitter Joosten fan CDA Fryslân: "Het is wel ingeslagen als een bom. Dat is natuurlijk geen goed nieuws, gezien wat er de laatste tijd ook al over Sywert en andere thematiek aan de orde was. Daar word je niet vrolijk van."

"Het is zijn werkelijkheid, die hij schrijft in een verslag naar de commissie die de verkiezingen gaat evalueren", seit Joosten oer it stik fan Omtzigt. Neffens him is it goed dat de kommisje it rapport besprekt en neigiet; doocht it wat hjir stiet?

Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast de aktuele tema's yn de polityk. Dizze kear siet Theo Joosten fan CDA Fryslân oan tafel. Sjoch hjir de folsleine útstjoering.

Neffens him moatte ynhâldlike punten earst ferifiearre wurde: "Ook andere partijen hebben er opvattingen over, want er worden ook standpunten verkondigd waarvan we niet weten of anderen dat ook zo zien of beleefd hebben. Het is netjes en rechtvaardig om ook de andere partijen te horen."

Omtzigt en de taslagge-affêre

Omtzigt is tegearre mei Renske Leijten fan de SP ferantwurdlik foar it oankaarten fan de problemen troch de taslagge-affêre. By de Twadde Keamerferkiezingen yn maart krige er as nûmer twa op de list 342.472 foarkarstimmen, in tredde part fan alle CDA-stimmen. "Dat zegt dat hij het thema waar hij zich erg op geprofileerd heeft, uitstekend heeft neergezet in de Kamer. Het gaat niet eens zozeer om de toeslagenaffaire, maar om het brede ongenoegen dat erachter zit, dat je eigen overheid je niet rechtvaardig behandelt. Dat is het thema."

Neffens Joosten kaam it tema net genôch nei foaren yn de kampanje dy't it CDA foar de Twadde Keamerferkiezingen fierde. "Ik had gehoopt dat wij het thema 'rechtvaardigheid, eerlijkheid en solidariteit met zwakkere mensen' beter in de campagne hadden neergezet."

Theo Joosten fynt dat de kampanje takom jier oars moat:

Neffens him moat dat by de gemeenteriedsferkiezingen oars: "Ik denk dat het thema van een rechtvaardige samenleving en een eerlijke overheid ons breed aanspreekt. Dat thema moeten we ook zeker op weg naar de gemeenteraadsverkiezingen beter neerzetten dan het bij de Tweede Kamerverkiezingen gebeurd is."

Effekten fan lanlike polityk

Yn maart 2022 binne der wer gemeenteriedsferkiezingen. Joosten is realistysk oer de effekten fan lanlike affêres op provinsjale en gemeentlike polityk: "Het is algemeen zo: je hebt last van een slecht imago op landelijk niveau. Daar kunnen al die lokale afdelingen helemaal niets aan doen."

Neffens Joosten moatte de CDA-fraksjes yn Fryslân harren dêroerhinne sette. "We hadden het graag mee gehad, maar als dat niet zo is, is dat nog geen reden om bij de pakken neer te zitten. Wat daar geldt, hoeft niet voor ons te gelden."

Theo Joosten: "Je hebt last van een slecht imago op landelijk niveau"

By de Twadde Keamerferkiezingen yn maart ferlear it CDA fjouwer sitten. Mei fyftjin sitten is de partij noch hieltyd de fjirde grutste partij, yn Fryslân noch altiten de grutste. Nettsjinsteande de ynterne problematyk by it CDA, is it neffens Joosten te betiid om te sizzen dat de partij yn de opposysje better te plak is: "Beide opties liggen open: of we gaan de oppositie in of we gaan mee in de coalitie."

Listlûker Wopke Hoekstra hat oanjûn dat er neat yn in koälysje mei twa linkse partijen sjocht. Joosten nuansearret: "De officiële redenering is "dat is me te veel links". Ik kan me daar wel iets bij voorstellen, maar of het echt een onoverkomelijk verhaal is, vraag ik me af."

(Advertinsje)
(Advertinsje)