Hospice It Hearrenfean ferhuzet nei skoalgebou: badkeamer diele hoecht net mear

12 jun 2021 - 08:30

It hospice Julia Jan Wouters kriget in nij ûnderkommen op It Hearrenfean. Freed krige it bestjoer de kaai fan in monumintaal skoalgebou oan de Van Helomalaan. Dizze âlde skoalle stiet deun njonken sikehûs de Tjongerschans dat dêr ek eigener fan wie.

Hospice Heerenveen verhuist naar schoolgebouw

It sikehûs hat it gebou foar in symboalysk bedrach skonken oan de stichting dy't ferbûn is oan it hospice. Yn ruil dêrfoar kin de Tjongerschans gebrûk meitsje fan it grutte tal parkearplakken om it stjerhûs hinne.

It gebou oan de K.R. Poststrjitte, dêr't it stjerhûs no noch yn sit, foldocht net mear oan de soarcheasken fan dizze tiid. Foarsitter Otto Hoekstra fan it hospice: "Minsken wolle tsjintwurdich bygelyks mear privacy. Op it âlde plak moatte de gasten fan twa keamers noch in badkeamer diele. Dat hoecht hjir net mear."

It opknappen kostet sa'n oardel miljoen euro, jild dat earder al byinoar sammele is. De ferbouwing duorret in goed heal jier. "Wy stribje dernei om it earste fearnsjier fan 2022 ús earste gasten te ûntfangen yn it nije gebou", seit Hoekstra.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ferslachjouwer Jeroen Boersma gie del by it 'nije' âlde gebou

(Advertinsje)
(Advertinsje)