Lûd F-35 makket lesjaan yn Marsum somtiden ûnmooglik: "It went eins noait echt"

12 jun 2021 - 07:36

Hoe beynfloedet it lûd fan de F-35 it deistich libben yn ús provinsje? Omrop Fryslân hat dat ûndersocht foar de FryslânDOK 'F-35: Wat hinget ús boppe de holle?'. De dokumintêre wurdt nije wike snein 20 juny útstjoerd.

It lûd fan de F-35 makket it lesjaan yn Marsum somtiden ûnmooglik

Op basisskoalle De Pôlle yn Marsum beynfloedet it lûd it lesjaan. De doarren moatte yn ferbân mei corona iepenstean, mar as der dan in fleantúch oerkomt, is lesjaan ûnmooglik. "Dan freget ien oft de doar ek ticht mei, om't se it net hearre kinne", seit Amarins Terpstra. Se sit mei Teske Dijkstra yn groep 5 fan De Pôlle. "It is dan hiel lûd. Dat duorret net hiel lang, of der moatte in hiel soad oerkomme", seit Teske.

Lesjaan net makliker

De juf fan de beide famkes, Lara Breuker, makket in beweging mei har hân as de fleantugen oerkomme. "Dan doch ik efkes sa, net dat it helpt, en dan gean we wer fierder." Der is foar har al in soarte fan rûtine yn kaam. "Earne wol, ja. Dochs yrritearret it wol. Ik stean hjir al hiel lang foar de klasse. It went eins noait echt."

It lesjaan wurdt der net makliker fan, seit Breuker. "It kostet tiid. It is net non-stop dat jo der lêst fan hawwe en ek net alle dagen. Mar no wurdt der mear oefene en dat kinne we wol fernimme. Al dy stops kostje al gau in kertier deis."

Foto: Omrop Fryslan

De oerlêst op de skoalle is tanommen. Breuker en har kollega Gellie Winkel (groep 3/4) kinne dúdlik in ferskil fernimme tusken it lûd fan de F-16 en de F-35. Breuker: "It lûd is folle swierder. Op it plein hawwe jo ek it idee dat jo kwetsberder binne. Foar de earen, mar ek oft it net misgiet. It bliuwt spannend en ik bin my der ek wol bewust fan dat der wat misgean kin."

De bern sels reagearje allegearre ferskillend op it oerkommen fan de fleantugen. "De ien jout der neat om, dy giet gewoan troch. Oaren binne der al gefoelich foar en reagearje derop."

Mei de hannen op de earen op it skoalplein

Dat sjocht Winkel ek. "Ik moat sizze, de jongsten wat minder. Seker as we binnen yn de groep sitte. Ik moat de les ek wolris stillizze. As der ien oerkomt, sjogge se wolris nei boppen. Bûtendoar is dat oars. Seker by de famkes. Dy rinne al gau mei de hannen foar de earen. De jonges dogge dat minder. Dy gean sa op yn it spul, dat se dêr mear each foar hawwe."

Winkel fernimt ek dat it lûd oars is. "It is, wat Lara seit, folle swierder. Jo binne wend oan de F-16, mar dat lûd is echt hiel oars. De doarren kinne no mei goed fatsoen net mear iepen en dat moat eins al."

Foto: Omrop Fryslan

Teske en Amarins hawwe koartlyn in sprekbeurt hâlden oer de skoalle. "It is eins hiel bysûnder", sa seit Teske. "Doe't dy yn 1978 boud waard wie it de djoerste skoalle fan Nederlân." Amarins follet oan: "Want it is hiel goed isolearre mei hiel dikke muorren."

Teske lit it sjen by de doar. "Sjoch, dit is 75 sintimeter dik. Dat hast by de ruten ek." De ruten binne dûbeld útfierd. Se kinne los faninoar iepen. Teske: "Jo sjogge altyd wol in soad deade miggen en spinnen lizzen."

Gebou fertsjinnet update

De isolaasje wie doe, yn '78, poerbêst. No kinne se fernimme dat dy syn bêste tiid wol hân hat. Winkel: "Wat mear isolaasje soe wol fijn wêze. En dan ek in goede airco." Breuker is it dêrmei iens: "It is al aardich âld. De fleanbasis is der en ik sis ek net dat dy fuort moat of sa, mar it is al goed dit gebou ris in update te jaan."

Foto: Omrop Fryslan

De FryslânDOK fan programmamakker Johanna Brinkman 'F-35: Wat hinget ús boppe de holle?' is sneon 19 juny te sjen op NPO 2 (15.30) en snein 20 juny op Omrop Fryslân (17.00).

(Advertinsje)
(Advertinsje)