Urginsje yn technyksektor: wachtlisten foar airco's en grut ferlet fan fakminsken

11 jun 2021 - 22:38

De earste hjitteweach fan dit jier sit der takom wike oan te kommen. De fraach nei airco's en de ynstallaasje derfan is dêrom grut. Nei't ferline jier alle rekôrs al brutsen waarden, rinne de wachtlisten no op oant septimber. Boppedat is der grut ferlet fan nije fakminsken.

Foto: ANP

Anja van Riemsdijk fan Airco Techniek Friesland yn Drylts kin deroer meiprate. "It is echt gigantysk drok mei alle oanfragen dy't wy krije. Minsken wolle no in airco, it is no moai waar. Mar ús drokte is al fol, sûnt foarich jier al. Mei troch corona, dat minsken no thúswurkje."

Ek yn de winter hat it bedriuw it smoardrok hân, want in soad airco's kinne tsjintwurdich ek brûkt wurde om romten te ferwaarmjen op kâlde dagen. "Myn kollega sei, der komt fêst in wat rêstigere perioade, mar ik ha it noch net belibbe. Helaas net."

Wachtlisten

Neffens foarsitter Doekle Terpstra fan Techniek Nederland, in ûndernimmersferiening dy't mear as 6.000 technykbedriuwen fertsjintwurdiget, is it yn it hiele lân drok. "We wienen wend oan wachtlisten yn de soarch. Mar we moatte echt op dit momint mar even wenne oan it idee dat wy no, mar dat sil ek sa bliuwe, yn de ynstallaasjetechnyk wachtlisten ha op allerhanne gebiet. It is in urgint fraachstik."

Yn de hiele sektor wurkje sa'n 130.000 oant 150.000 minsken, mar troch de drokte en de tanimmende ferduorsuming sitte de bedriuwen te springen om nije fakminsken. "We ha op dit momint 20.000 fakatueres en de ferwachting is dat yn in pear jier tiid dat folume oprint nei 40.000." Terpstra hat ferline wike koart mei ynformateur Mariëtte Hamer sprutsen oer de knipende situaasje.

Deltaplan foar technyk

"We ha tsjin har sein dat it fan urgint belang is dat der in 'deltaplan' fan de technyk komt. Want as wy de minsken net hawwe, dan kinne wy ús klimaatdoelstellingen simpelwei net helje. It grutte probleem is net dat we de materialen en de technyk net hawwe, mar it grutte fraachstik soe wolris wurde kinne: ha we foldwaande fakminsken beskikber om úteinlik te dwaan wat we graach dwaan wolle yn Nederlân. Dat is de hiele enerzjytransysje."

Anja van Riemsdijk en Doekle Terpstra oer de drokte yn de ynstallaasjetechnyk

(Advertinsje)
(Advertinsje)