CDA Dantumadiel reagearret skokt op lekte memo Omtzigt: "We sinke djipper as ik tocht"

11 jun 2021 - 19:52

De CDA-ôfdieling fan Dantumadiel reagearret skokt op it lekte memo fan Twadde Keamerlid Pieter Omtzigt. Dat partijgenoaten Omtzigt yn appberjochten ûnder oare útmakke ha soene foar "teringhond" en "psychopaat" liedt ta ûnbegryp. Omtzigt seit yn it memo ek dat er him ûnfeilich fielt yn syn eigen partij.

Pieter Omtzigt - Foto: ANP

Foarsitter Albert van der Ploeg fan it CDA yn Dantumadiel seit dat er skrokken is fan it taalgebrûk. "We sinke djipper as ik tocht", seit Van der Ploeg.

Syn partijôfdieling stjoerde yn april mei noch sa'n tweintich oare lokale ôfdielingen in brief nei de Twadde Keamerfraksje fan de partij om harren stipe út te sprekken foar Omtzigt. Ek skreaunen se dat it CDA mei it Keamerlid "goud in handen" hat.

It memo fan Omtzigt lekte freed út. It dokumint wie bedoeld foar in kommisje dy't ûndersyk docht nei de mislearre ferkiezingskampanje fan de kristendemokraten.

Albert van der Ploeg (CDA Dantumadiel) - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)