CSG Bogerman hâldt op mei útdielen selstesten oan alle learlingen

11 jun 2021 - 18:24

CSG Bogerman yn Snits hâldt op mei it útdielen fan selstesten oan alle learlingen. De testen waarden yn de natuer en yn ôffalbakken om de skoalle hinne oantroffen. Ek waarden se op Marktplaats set. Learlingen dy't se ha wolle, moatte se tenei ôfhelje by de konsjerzje.

Learlingen moatte tenei nei de konsjerzje foar in selstest

Learlingen krigen alle wiken twa testen útdield. "We fine de testen yn de boskjes, om skoallegebouwen yn Snits hinne en hjir en dêr krije we lûden dat bern tinke: miskien kin ik dy dingen wol ferkeapje, want se bringe wol wat jild op", seit rektor Annemarie Kingma. In dosint en twa learlingen befêstigje it ferhaal dat de testen fia Marktplaats ferkocht wurde.

Kingma: "Yn it begin hienen wy betocht: we diele gewoan twa testen de learling út. Mar we konstatearje dat guon bern dat eins hielendal net wolle." Dosint Wiebe van der Pol seit dat der earst wat wjerstân fan de learlingen wie. Neffens him hienen se net yn de gaten dat de test makliker út te fieren is as de PCR-test fan de GGD. By de selstesten hoecht it wattestokje mar in lyts stikje yn 'e noas.

Ferantwurdlikheid by âlden

Neffens Kingma leit de ferantwurdlikheid foar it útfieren fan de testen by de âlden fan de bern. De oerheid ferspriedt de testen yn it ûnderwiis as oanfolling op de besteande maatregels. De gedachte is dat fysyk ûnderwiis op dy manier sa folle mooglik trochgean kin.

Guon bern en âlden kieze derfoar om de testen net te brûken. "Dat is harren goed rjocht. It is frijwillich, net ferplichte", seit Kingma. Dochs is se teloarsteld dat de testen net wegere binne troch bern dy't se net ha woenen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)