Brânstichtsjende ynbrekker út Ljouwert krijt fjouwer jier sel

In man út Ljouwert hat fjouwer jier sel krigen, omdat er ferline jier in hûs yn syn wenplak yn 'e brân stuts om syn eigen bloedspoar te ferbergjen. De 36-jierrige man wie by de ynbraak ferwûne rekke en liet dêrtroch bloed efter.
Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Troch de brân gie in part fan it hûs ferlern, mar it bloedspoar wie net fuort. Oan 'e hân fan it bloed koe de plysje de ynbrekker efterhelje. It die bliken dat er nochris fjouwer wenningynbraken dien hie en by in oare wenning hie er besocht yn te brekken.
Twa straffen fan 100 dagen en 12 moannen dy't er earder ûnder betingst oplein krige, moat de Ljouwerter no dochs útsitte. Boppedat moat er de bewenster fan it hûs 3.000 euro smertejild en 1.511 euro foar materiële kosten betelje. De frou en har bern kinne troch de brân noch altiten net werom nei hûs.
Neffens saakkundigen is de man licht ferstanlik beheind en ferslave oan alkohol en drugs.