De Rouwe ropt op minsken mei in beheining yn tsjinst te nimmen

11 jun 2021 - 15:52

Deputearre Sander de Rouwe ropt Fryske wurkjouwers op minsken yn tsjinst te nimmen dy't troch sykte of in handicap dreger oan in baan komme. As bestjoerslid fan Werkgevers-Servicepunt Fryslân Werkt! docht hy dizze oprop.

Sander de Rouwe - Foto: Omrop Fryslân

De Rouwe is de kommende moannen aktyf as ambassadeur fan de Banenafspraak. Dat is in ôfspraak tusken it kabinet en wurkjouwers, om minsken mei in arbeidsbeheining oan in baan yn it reguliere bedriuwslibben of by de oerheid te helpen.

Yn Fryslân hienen ein ferline jier 4.751 fan de 9.748 minsken mei in arbeidsbeheining in baan yn it ramt fan de Banenafspraak. It is de bedoeling dat dit oantal de kommende jierren fierder omheech giet.

Deputearre Sander de Rouwe ropt Fryske wurkjouwers op mear wurk fan de Banenafspraak te meitsjen. "In stabile baan jout wissichheid en draacht by oan it lok fan minsken. Krekt yn dizze tiid is it wichtich om plak te meitsjen foar dizze minsken."

Foto: Caparis

De Fryske wurkbedriuwen Empatec, Caparis en NEF binne dêrom úteinset mei de kampanje 'Solliciteer op talent'. Mei dizze kampanje wolle se bedriuwen yn Fryslân ynspirearje om in meiwurker út in sosjaal wurkbedriuw wei yn tsjinst te nimmen. Ek Werkgevers-Servicepunt Fryslân Werkt! set de kommende tiid ekstra yn op it fergrutsjen fan it oantal Banenafspraak-banen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)