Trochsneed tal nije coronabesmettingen dûkt wer ûnder de 30

11 jun 2021 - 15:31

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 27 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne 8 minder as tongersdei. Doe gie it om 35 besmettingen. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 34 deis.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne freed meld yn de gemeente Ljouwert (8) en dêrnei Súdwest-Fryslân (7).

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Der is ien persoan mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 1.417 nije coronagefallen registrearre. Tongersdei wiene dat der noch 1.607.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)