Profronde Surhústerfean ferset nei oktober: "Hurdfytskalinder jout ús de romte"

11 jun 2021 - 15:23

De Profronde fan Surhústerfean giet dit jier wol troch, mar net earder as yn oktober. Gewoanwei wurdt de ronde de earste tiisdei nei de Tour de France riden, mar der is dan noch te folle ûnwissichheid mei it each op it coronafirus, seit de organisaasje. De wedstriid stiet no pland op 2 oktober, in pear dagen nei it WK hurdfytsen.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

"We ha mei alle belutsenen nei in alternative datum socht en sneon 2 oktober is wat ús oanbelanget perfekt. Alle grutte wedstriden en it WK ha we hân, de hurdfytsers binne beskikber en de kalinder jout ús de romte", seit foarsitter Albert Helfrich fan de Stichting Wielercomité Surhústerfean. De organisaasje sil besykje om de farske wrâldkampioen, mar ek olympyske hurdfytsers nei Surhústerfean te heljen.

Ofskied Pieter Weening

Dêrneist wurdt ek sportyf ôfskied nommen fan hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema. Nei in fal yn de ronde fan Italië, ferline jier, kaam hy net wer werom yn it hurdfytspeloton. "Fanwege alle beheiningen troch corona is der gjin passend ôfskied fan de topsportkarriêre foar Pieter kommen. Hy fertsjinnet dat wol", seit Helfrich.

It sintrum fan Surhústerfean is it ôfrûne jier hielendal opknapt en leit der neffens Helfrich perfekt by foar de koers. It Wielercomité hat yn de oanrin nei de wurksumheden meipraat oer de ynrjochting fan it sintrum. "Alle obstakels binne fuorthelle, de meiwurking fan de gemeente Achtkarspelen wie perfekt."

Albert Helfrich

(Advertinsje)
(Advertinsje)