HEA! Titanic te wetter

Rebo Hoogenboom út Earnewâld ferfeelde him en kaam op it idee om de Titanic op skaal nei te bouwen. Hy is noch mar 16 jier, mar syn dosint technyk op CSG Liudger fynt him in talint. Rebo hat der mear as in jier oan wurke en hy fynt him sels hiel moai. Hûnderttsien jier neidat de echte Titanic te wetter litten is, giet no de Titanic fan Rebo te wetter.
HEA! Titanic te wetter