Freedsmerk: "It CDA? In grutte bende!"

11 jun 2021 - 14:07

"In bom ûnder it CDA". Dat is ien fan de krantekoppen oer in geheim dokumint fan Pieter Omtzigt oer syn eigen partij. It dokumint lekte tongersdei út en sketst yn in wiidweidich dossier in bizar byld oer de posysje fan Omtzigt yn it CDA. Sels sit hy siik thús, de partij is yn oerstjoer, mar praat op it stuit wol mei oer in nij kabinet.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Hoe moat it fierder mei it CDA? Op de Ljouwerter freedsmerk wie it oardiel skerp: "Opdoeke, dy partij!", "Dy partij kin sa net fierder, it is alderraarst hoe't dêr húsholden is", "Wat in steltsje Judassen!" en "Als dit de christelijke waarden zijn, schoffel ze dan maar onder de grond."

In soad minsken soene graach sjen dat Pieter Omtzigt út it CDA stapt en foar him sels begjint. Al tocht immen ek dat it miskien better oarsom wie: "Hy troch en de rest der út..."

De gewoane man

Omtzigt waard typearre as immen mei trochsettingsfermogen dy't ticht by de gewoane minsken stiet. "Om dy reden soe hy ek sa mar mei in eigen partij in hiele grutte wurde kinne!" Mar, sa tocht in oar: "Dit is in persoanlik drama foar de man en miskien kin hy better mar wat bûten de polityk sykje. Al soe ik dat in grut ferlies fine!"

In man dy't mei in foarkarstim op Omtzigt stimd hat, tinkt ek dat it dy kant út gean sil. "It rint faak oars dan jo hoopje."

Mar der wie ek de synyske konklúzje: "Tja, it is polityk hè? Dus dan witte jo dat se it daliks wer ferjitte. En dan gean se wer gewoan troch."

Advizen fan de Ljouwerter freedsmerk foar it CDA...

Trefwurden: 
CDA freedsmerk Omtzigt
(Advertinsje)
(Advertinsje)