Frijsprutsen Hinke Schokker tinkt nei oer rentree as hurdrinster

11 jun 2021 - 13:31

Hurdrinster Hinke Schokker fan Eastermar wol de kommende tiid neitinke oft se it hurdrinnen wer oppakke wol. De 37-jierrige Friezinne waard freed frijsprutsen yn in jierrenlang rinnende dopingsaak. "Ik tink dat dit wol motivearjend wurket", seit Schokker nei har frijspraak.

Foto: De Vries Media

De hurdrinster waard twa jier lyn posityf test op in dopingmiddel dat se om medyske redenen naam. Schokker waard dêrfoar yn earste ynstânsje foar twa jier útsletten, mar wurdt yn heger berop frijsprutsen troch it ISR (Instituut Sportrechtspraak).

De reden fan de frijspraak is dat Schokker dochs noch medyske dispensaasje krige om modafinil te brûken. Schokker naam dat medisyn earst sûnder doktersfoarskrift tsjin konsintraasjeklachten.

Doe't se yn 2019 Nederlânsk kampioen op de 100 kilometer waard, kaam de dopingkontroleur del. In posityf resultaat folge. It middel modafinil mei lykwols bûten wedstriden brûkt wurde, mar yn wedstriidferbân is it ferbean.

Schokker sei op tiid opholden te wêzen, mar der waarden dochs spoaren fan it middel yn har bloed fûn.

De frijspraak kaam freed as in ferrassing foar Schokker. "Ik wie wol hiel fernuvere, yn posityf opsicht. Ik hie it berjocht sels net iepene, want ik stoer altyd alles direkt troch", seit Schokker. "It kostet my in hiel soad enerzjy om der hieltyd mei dwaande te wêzen. Ik hearde it nijs dus fan ús mem. Ik wie hiel bliid."

Hinke Schokker - Foto: De Vries Media

De âld-atlete hie der überhaupt hielendal net op rekkene dat se frijsprutsen wurde soe. "Om't sporters hast nea frijsprutsen wurde en de Dopingautoriteit stie der ek wol hiel stevich yn."

It is pas de fjirde kear sûnt 2013 dat in sporter frijsprutsen wurdt.

Heger berop

Der is wol noch in kâns dat it WADA yn berop giet tsjin de útspraak fan it ISR. "Ik soe dat wol ferrassend fine, want se binne der sels altyd wol dúdlik yn dat de regels der benammen foar topsporters binne en net foar absolute rekreanten", seit Schokker.

De Friezinne is wol in bytsje bang dat se har miskien as foarbyld stelle wolle. "It is wol sa dat ik hiel dúdlik bin yn it fentilearjen fan myn miening, op Twitter en sa. Dus ik wit net hoe't dat útpakt. Miskien dat se wol tinke: 'Dy moatte we efkes op har plak sette'."

Medalje meie se hâlde

De gouden medalje fan it NK soe no wer yn har hannen komme. "Dat soe bêst kinne, mar dat ynteressearret my net echt. Se hawwe dy medalje fan my ôfpakt en as ik him no werom krij dan meie se him fan my wol hâlde", seit Schokker.

Oft Schokker yn de takomst noch medaljes op har namme skriuwe sil, is ûnwis. Nei har positive test hold se op mei wedstriidrinnen. "Ik moat der efkes goed oer neitinke", seit Schokker. "Ik hie it neist my dellein. Dat wie ek in soarte fan selsbeskerming."

"Ik fyn it hurdrinnen leuk en ik tink dat dit wol motivearjend wurket, mar om echt wedstriden te rinnen moat ik wol oer neitinke. Mei echt wedstriden rinne setst dysels wol wer yn de oandacht en dêr sit ik net perfoarst op te wachtsjen", seit Schokker.

Hinke Schokker oer har frijspraak

(Advertinsje)
(Advertinsje)