GGD-direkteur De Graaf 'hiel bliid' mei 'opfallende delgong' coronabesmettingen

11 jun 2021 - 12:33

GGD Fryslân-direkteur Margreet de Graaf is 'hiel bliid' dat it tal coronabesmettingen sa fluch nei ûnderen giet. "It is echt in opfallende delgong. It giet noch flugger as ferline jier om dizze tiid", seit De Graaf.

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

Yn de ôfrûne wike wiene der 267 besmettingen. Dat is in helte minder as in wike derfoar. Nea earder sûnt de útbraak fan it coronafirus waard it tal besmettingen yn ien wike de helte minder.

Neffens De Graaf komt dy delgong troch it moaie waar en fansels it tal faksinaasjes.

Jûns prikke

Yntusken binne minsken út 1991 oan de beurt om in ôfspraak te meitsjen foar harren faksinaasje. "Mar we draaie noch hieltyd net op de maksimale kapasiteit, om't we net mear faksins krije", seit De Graaf. Dat hat der foaral mei te krijen dat it Janssen-faksin net brûkt wurdt foar jonge minsken.

De kapasiteit wurdt lykwols ynkoarten wol opfierd. Fan 21 juny ôf wurdt der twa wiken lang oant tsien oere jûns prikt.

Giele boekje

De Graaf gie ek yn op de konsternaasje wat it giele boekje oanbelanget. Yn dat boekje kinne minsken harren faksinaasjes registrearje litte, mar earder barde dat net op alle lokaasjes.

"It giele boekje hawwe minsken dy't nei in reizgersfaksinaasje west hawwe. It jildt net as reisdokumint, mar guon minsken fine it wol hiel noflik om alle faksinaasjes yn it boekje te krijen", seit de GGD-direkteur.

Yntusken kin elkenien dy't by de GGD in prik hân hat in stimpel yn harren boekje krije. Dêrfoar hawwe se stimpelposten ynrjochte. "Mar it kin echt allinnich ast dyn prik helle hast by de GGD. Fergelykje it mei in winkel, dêr kinst ek net wat werombringe ast it net by dy winkel helle hast", sa seit De Graaf.

GGD-direkteur Margreet de Graaf

(Advertinsje)
(Advertinsje)