Tal coronapasjinten nimt fierder ôf: noch trettjin yn Fryske sikehuzen

11 jun 2021 - 11:01

Der lizze op it stuit trettjin coronapasjinten yn Fryske sikehuzen. Dêrfan lizze der fiif op in intensive care-bêd. Dat meldt it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland.

Foto: ANP Foto

Ofrûne tiisdei leine der fyftjin pasjinten mei it coronafirus yn Fryske sikehuzen. Dêrfan leine der acht op de intensive care. Presys in moanne lyn, op 11 maaie, leine der noch 66 besmette minsken yn it sikehûs.

Yn Grinslân en Drinte lizze op it stuit noch 28 coronapasjinten yn it sikehûs.

Trefwurden: 
sikehûs coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)