Fryske hoareka fynt fuotbalskermferbod 'net in goeie saak'

It is gjin goede saak dat fuotbalskerms ferbean binne op terrassen mei it EK, seit Melle Bakker. Hy is foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland. Minister Grapperhaus sei earder dat it delsetten fan skerms freegjen is om problemen. Dêr tinkt de sektor oars oer.
"We mogen het niet uitzenden, dus dan maar vlaggetjes ophangen"
De hoareka kin troch it pleatsen fan skerms just in oplossing biede tsjin it risiko op ûnkontrolearre EK-feesten.
Demisjonêr premier Mark Rutte sei earder dat hy benaud is dat skerms op terrassen in 'oansûgjende wurking' hawwe. Minsken drinke der ek in drankje by, der komt mear drokte by. Foar Rutte wie de optelsom foarearst noch te risikofol.

Twaspjalt

Ek minister Ferd Grapperhaus fan Justysje en Feiligens die in oprop om de wedstriden thús, en net yn de kroech te sjen. Dochs wie der yn it Veiligheidsberaad tusken de boargemasters ûnienichheid. Neffens guon boargemasters soene in soad skerms der just foar soargje kinne dat je de minsken ferdiele kinne yn lytse groepkes. Yn België is der keazen om just wol skerms ta te litten.
Argyfbyld fan in oranjesupporter dy't in wedstriid op in skerm folget © ANP
Foarsitter fan de Fryske KHN-ôfdieling Melle Bakker fynt it fuotbalskermferbod 'net in goeie saak.' Yn de earste lockdown hat de hoareka ek sjen litten dat sy genôch ferantwurdlikensgefoel hat, seit hy. Hy tinkt dat je mei de skerms ûnkontrolearre feesten by minsken thús foarkomme kinne. De skerms by kroegen soene de-eskalearjend wurkje, stelt Bakker.

Terrastiden

Bakker fynt de beslútfoarming let, want foar de earste twa wedstriden sil it al net mear goed komme wat de mooglikheid op skerms oanbelanget. Spitich, neamt hy dat. Hy hopet ek dat de terrastiden langer wurde kinne, want as in wedstriid om 21.00 oere begjint, is 22.00 oere it terras slute fansels fierstente betiid.
Melle Bakker oer it fuotbalskermferbod