Corona-ôfdieling MCL ticht: "We ha hjir hiel wat belibbe mei elkoar"

11 jun 2021 - 15:10

Sikehûs MCL yn Ljouwert hat freedtemoarn offisjeel de corona-ôfdieling sletten. De lêste coronapasjinsten yn it sikehûs wurde no op oare ôfdielingen ûnderbrocht, as it nedich is yn isolaasje. It MCL makket in spesjaal momint fan de sluting, mei in lytse seremoanje.

"Nu deze deur dicht gaat, kunnen de andere afdelingen weer open"

Konfetty, sjampanje sûnder alkohol en in lytse taspraak; sa stie it sikehûs freedtemoarn stil by dit dochs wol bysûndere momint. "In dûbeld momint", seit koördinator fan de corona-ôfdieling Lamberta Wielinga, "we ha hjir fertrietlike mominten hân, mar ek wer moaie mominten by pasjinten dy't we wol helpe koene. We ha hjir hiel wat belibbe mei elkoar."

Longdokter Wouter van Geffen wie ek oanwêzich by it feestje. Hy is wiis mei de betsjutting fan de sluting fan de ôfdieling: "Dat we deze afdeling kunnen sluiten, is voor ons een mijlpaal. En ook echt meer dan een symbolisch moment voor ons. Deze afdeling hebben we uit nood geopend, en nu hij weer dicht kan, komt er ruimte voor andere zorg in het ziekenhuis. We moeten de komende tijd nog steeds heel hard werken, maar dit is een belangrijke stap."

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Sifers sjogge der goed út

De corona-ôfdieling kin ticht om't de coronasifers dêr oanlieding foar jouwe. Yn de ôfrûne wike waarden mar twa minsken mei it coronafirus opnaam yn Fryske sikehuzen. Fiif wiken lyn wiene dat der noch 25.

Ek it tal besmettingen yn Fryslân nimt yn heech tempo ôf. Dêrneist sakke it risikonivo yn ús provinsje ôfrûne tiisdei fan 'zeer ernstig' nei 'ernstig'.

It liket der dan ek op dat de corona-ôfdieling definityf ticht giet, sa hopet ek Van Geffen: "We willen dit nooit meer meemaken en hopen dat de deuren van deze afdeling nooit meer open gaan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)