Troulokaasje Terherne smoardrok mei corona-ynhel-trouwerijen

11 jun 2021 - 09:25

No't de coronamaatregels stap foar stap loslitten wurde, wurdt wer folle mear troud. By troulokaasje Tsjerke yn Terherne rekkenje se der op dat 2022 wolris in topjier wurde kin. It giet foaral om saneamde 'corona-ynhel-trouwerijen'. En ek no is ûndernimmer Suzanne Kloosterman der al aardich drok mei. Sy treft geregeld breidspearen dy't perfoarst net langer wachtsje wolle.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

"Morgen hebben we een huwelijk, volgende week weer drie. Dit jaar staan er al weer zo'n 35 tot 40 trouwerijen in de agenda en dat zijn bijna allemaal corona-inhaal-trouwerijen." Omdat trouwerijen meastentiids wat langer yn 't foar pland wurde en in soad pearkes net it risiko rinne wolle om de grutte dei op 'e nij ferpleatse te moatten ferwachtet Kloosterman takom jier hielendal 'een stuwmeer van trouwerijen'.

"Bruidsparen hebben meer dan ooit zin in een huwelijk. Ik hoor bruidjes zeggen: ik wil nu echt mijn bruidsjurk aan, want die hangt al een jaar in de kast." Neffens Kloosterman wurdt in houliksplechtichheid noch folle mear as oars wurdearre, omdat it in skoft lang amper mooglik wie.

Noch wol beheiningen

De houliken dy't dizze maitiid sletten wurde yn Terherne binne noch wol oan beheinings bûn. Yn de tsjerke binne op syn meast 50 gasten wolkom. By in diner of feest achterôf is dat oantal noch wat fierder beheind en jilde de gewoane restaurantregels. Kloosterman hopet dat ek de lêste beheinings gau ferdwine sille.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Undernimmer Suzanne Kloosterman fan troulokaasje Tsjerke yn Terherne

(Advertinsje)
(Advertinsje)