It EK fuotbal begjint mei trije Friezen: "It wurdt it hichtepunt fan myn karriêre"

Se hawwe de grutste wedstriden al yn goeie banen laat; finalen fan de Champions League en Europa League steane op harren cv. Dochs falle dy duels foar de trije Fryske assistint-skiedsrjochters yn it neat by it toernoai dêr't se no aktyf foar binne: it Europeesk kampioenskip fuotbal. Erwin Zeinstra, Hessel Steegstra en Jan de Vries binne der by: "It hat foar my lang wat ûnwerklik west."
Jan de Vries, Hessel Steegstra en Erwin Zeinstra © Omrop Fryslân, Andor Faber
Dejinge mei de measte ûnderfining op in EK fuotbal is Rypster Erwin Zeinstra. It wurdt nei 2012 en 2016 syn tredde Europeesk kampioenskip. "Dit binne de grutste toernoaien yn de wrâld. Dat is bysûnder. Dêr sjochst echt wer nei út en moai dat we dêr wer by wêze kinne", fertelt Zeinstra oan de foarjûn fan it EK.

Lêste grutte toernoai?

Hy sil der ekstra fan genietsje moatte, want der is in kâns dat it syn lêste grutte ynternasjonale toernoai is. De skiedsrjochter fan Zeinstra syn team, Björn Kuipers, hat nammentlik oanjûn dat dit syn lêste toernoai is. Dêr giet Zeinstra dan ek fanút. "Ik sjoch wol hoe't it dêrnei komt. Dat is ek ôfhinklik fan de beslissing fan Björn. Ik gean der wol fanút dat it ús lêste eintoernoai is."
Ofrûne moandei is de arbitraazje nei Istanbul yn Turkije gien. Dêr ferbliuwe se ûnder it toernoai en fan dêrút reizgje se nei de stêden dêr't de wedstriden binne.
Sa binne Hessel Steegstra fan Snits en Jan de Vries fan Gytsjerk yntusken yn Rome, dêr't se freed de iepeningswedstriid tusken Turkije en Italië dogge. It is harren debút op it EK. In bysûnder momint, fertelt Steegstra: "Dit toernoai hawwe je al jierren as doel, mar op it momint dat it echt sa fier is en de seleksje bekend makke wurdt, dan begjint it te libjen. Dêr krije je de kribels fan."
It wurdt it hichtepunt fan myn karriêre.
Hessel Steegstra oer it EK
Steegstra die ferline seizoen noch de finale fan de Europa League, earder dit jier flagge er by de heale finale op it wrâldkampioenskip foar klups en dit seizoen die er noch de heale finale fan de Champions League. Mar: "Dit stiet heger op myn listje as wat we oant no ta dien ha. It wurdt it hichtepunt fan myn karriêre."

Lette wiksel yn it team

Foar syn kollega-grinsrjochter Jan de Vries wurdt it ek it hichtepunt. Hy is pas sûnt april de fêste assistint fan skiedsrjochter Danny Makkelie. Dy lêste sette doe Ljouwerter Mario Diks oan 'e kant. "Der is in protte feroare foar my", fertelt De Vries. "Dit is in dream dy't werklikheid wurdt yn in pear moannen. Ik bin fjouwer jier lyn reserve-grinsrjochter wurden by Team Makkelie. No mei ik myn plak ynnimme en dêr bin ik hiel bliid mei. It is foar my echt in jongesboek."
Sa sjocht Team Makkelie derút mei links Hessel Steegstra en rjochts Jan de Vries © Omrop Fryslân, Andor Faber
Skiedsrjochters Björn Kuipers en Danny Makkelie binne mar al te wiis mei harren Fryske assistinten. Kuipers oer Zeinstra: "Ik kom uit Twente, wij zijn ook vrij nuchter. Ik vind dat ontzettend fijn, we staan met beide benen op de grond. Erwin voelt zich nooit te groot om ook maar iets voor een ander te doen. Dat nuchtere maakt hem juist sterk. Erwin is voor mij een wandelende encyclopedie, hij weet al die weetjes die ik niet weet."
Makkelie wurket al jierren gear mei Steegstra: "Hessel is buitengewoon goed in zijn vak, vooral in het waarnemen van buitenspel. Hij is heel scherp in de communicatie, ook met overtredingen in zijn werkgebied en het is iemand die ik blindelings kan vertrouwen."
De Vries is al langer reserve yn Team Makkelie, mar sûnt april ien fan de fêste assistinten fan de skiedsrjochter. "Jan ken ik al heel lang. Ik heb al veel wedstrijden met hem mogen doen. Daarin heeft hij bewezen dat hij absoluut geschikt is voor de top. Ik heb hem er heel graag bij."
It Europeesk kampioenskip kin foar de Friezen nóch moaier wurde as se oer in moanne ek de finale dwaan meie. Sawol Zeinstra fan Team Kuipers as Steegstra en De Vries fan Team Makkelie wolle dat mar al te graach. Dochs is Zeinstra wol foarsichtich: "De finale is de ambysje. Mar, in toernoai stiet altyd op himsels. We binne in kear útskeakele om't it Nederlânsk alvetal sa fier kaam. We witte dat we ien wedstriid krije en wer in twadde fertsjinje moatte."
Sa stiet Steegstra der ek yn. Al soe er it syn Fryske kollega fan it oare team wol gunne: "As Erwin de finale krijt, bin ik hartstikke bliid foar him. It soe foar harren team in geweldige ôfsluter wêze. Dy gun ik it fan herte. En tuerlik soe ik der sels ek graach stean wolle", fertelt de Snitser.
Ja, wy binne wol ien fan de grutte kânshawwers.
Erwin Zeinstra hopet de finale dwaan te meien
Neffens Steegstra soene se sels ek yn byld komme kinne foar de finale. "We ha foarich jier de finale fan de Europa League dien en dit jier in heale finale fan de Champions League krigen. Ik tink dat je dan wol sizze meie dat je der bêst goed op steane. Ik wol net sizze dat we de earste kandidaat binne, mar kânsleas soe ik ús ek net neame wolle." Kansen binne der dus ek foar Zeinstra-en-dy: "Wy binne wol ien fan de grutte kânshawwers."
De Vries is krekt wat foarsichtiger mei it útsprekken fan syn ambysjes. "Ik slút my oan by de wurden fan Hessel. Wy moatte flaterleas bliuwe en dan is it sjen wêr't it skip strânet."
Ienninge echte Fryska EK-kwis