Plysje set kamerabylden yn by syktocht nei dieder(s) fan brannen yn Harns

Mei it dielen fan kamerabylden hopet de plysje yn Noardwest-Fryslân ynformaasje te krijen oer meardere brannen yn Harns. Sûnt begjin 2019 hat op ferskate plakken hast 60 kear brân west. Meardere auto's en in scootmobyl binne yn brân stutsen en ek by wenningen en by it sikehûs hat brân west. De brannen hawwe in soad impact op de Harnzers.
It finen fan tsjûgen is dreech om't de brannen nachts wienen
By de brannen rekken minsken net swier ferwûne, mar it hie wol slimmer ôfrinne kinnen. Ut ûndersyk blykt dat fan de hast 60 brannen yn alle gefallen by 22 sprake wie fan brânstichting. De brannen wienen benammen yn de Oosterparkwijk en Plan-Zuid.
Mei it Iepenbier Ministearje wol de plysje der alles oandwaan om de dieder(s) te finen. It finen fan tsjûgen is dreech om't de brannen nachts wienen. Dêrom dielt de plysje no kamerabylden op syk nei ynformaasje mei de hoop dat ien himsels of in oar op dy bylden weromsjocht. De plysje freget om dy tips troch te jaan.
De plysje freget mei klam om ek ynformaasje te jaan as minsken de dieder kenne. Mooglik is it opfallen dat ien nachts op paad is, materiaal hat om brân te stichtsjen of dat ien nei fjoer rûkt.
Harkje nei wykagint Broer de Jong en plysjewurdfierder Thys Damstra
Der binne bylden fan de autobrân op woansdei 27 jannewaris dit jier oan de Paul Krugerstraat. De plysje siket in hurdrinner dy't dêrop te sjen is. Hy draafde om 20.45 oere op de P.J. Troelstraweg. Letter kaam er in man mei hûn tsjin op de Groen van Prinstererstraat. Om 21.08 oere is der in fytser te sjen op de Kimswerderweg.
Tips kinne jûn wurde fia it tipformulier op de plysjewebside, de tipline 0800-6070, anonym fia 0800-7000 of mei it meldingsformulier fan M. It kin ek fia de plysje-app.