Skylger festival Oerol fiert 40-jierrich jubileum foaral digitaal

Oerol fiert it 40-jierige bestean yn rûzige tiden sûnder live publyk. Foar it twadde jier op rige is it festival digitaal yn ferbân mei de coronakrisis. "Het past heel goed bij Oerol om te reageren op de tijd en flexibel te zijn en uitdagingen het hoofd te bieden", seit Ira Judkovskaja, it tydlik haad programmearring fan Oerol.
Gjin live publyk by de 40e edysje fan Oerol

Digitaal Oerol bliuwt

It grutte ferskil mei foarich jier is dat alles se oerfoel en no hawwe se der op ynspile, leit Ira Judkovskaja út. Der binne no spesjale programma-ûnderdielen foar de digitale wrâld ûntwikkele sa as de foarstelling fan Nineties Productions.
"Ze hebben een hele online omgeving gebouwd waar ruimte is voor honderd mensen. Er is een foyer waar je moet wachten en je wordt een voor een het theater binnengelaten. De voorstelling wordt ook echt live gemaakt op Oerol. Verder kun je in de omgeving een café in om wat te drinken en zijn er ruimtes voor nagesprekken."
Het Imaginaire Eiland is gjin ferfanging fan Oerol, mar in nij ûnderdiel dat ek yn de takomst diel útmakket fan it festival. "De digitale wereld is een nieuwe locatie van Oerol. We hopen dat we volgende jaar naast het echte festival ook het digitale deel kunnen aanbieden en verder ontwikkelen, want we willen een zo inclusief mogelijk festival zijn."
© Oerol

Untwikkeling teätermakkers

Oerol hat soargen oer de ûntwikkeling fan makkers en dêrom krije dy romte om nei it eilân te kommen om ideeën te ûnwikkeljen of om foarstellings te meitsjen, ek al krijt it publyk der dit jier minder fan mei. "Er zijn steunpakketten en dat is geweldig, maar dat is alleen de financiële kant. Als je als kunstenaar niet maakt, dan ontwikkel je je niet. Als je nu al twee jaar achter elkaar niet op locatie kunt werken dan heb je de kans dat je volgend jaar een stap terug zet en dat willen we niet. Als mensen een kaartje voor het digitale Oerol kopen, steun je ook de ontwikkeling van de makers."

Earbetoan oan Joop Mulder

By it festival wurdt ek stilstien by it ferstjerren fan de grûnlizzer fan Oerol, Joop Mulder. It keunstwurk De Streken fan keunstner Marc van Vliet is werom nei Skylge helle en wurdt wer opboud.
It giet oer in dialooch tusken keunst en lânskip. It foarme de basis foar de Sense of Place-ideeën. It wie Mulder syn dream om it in bliuwend plak oan de Waadkust te jaan. It is de bedoeling dat it healwei de Oerol-perioade iepensteld wurdt foar publyk.
Oerol © ANP

De earste tweintich jier

Yn 1992 rekonstruearre Oerol-oprjochter Joop Mulder foar Omrop Fryslân it ûntstean fan it festival yn it begjin fan de jierren 1980. Hy wie doe eigener fan kafee De Stoep yn Midslân: "Toen waren we hier bezig met allerlei activiteiten in het café en in 1982 is daar uiteindelijk het Oerol uit geboren. Beneden groeide het letterlijk uit de kroeg en we zijn de straat op gegaan."
Yn 1982 wie de earste edysje fan Oerol. Mar it waard hieltyd dreger om de begrutting foar it festival slutend te krijen en Oerol hâlde der nei de edysje fan 1993 mei op. Yn 1994 wie der wol in oar festival op Skylge fan Joop Mulder: All along the lighttower, yn it ramt fan it 400-jierrich bestean fan de Brandaris. Hy woe graach fierder mei Oerol, mar "het wordt toch allemaal een beetje krap, de sponsoring zit niet echt mee, het is moeilijk om hier het enthousiasme te vinden dat we ervoor gaan met z'n allen."
Mar datselde jier bringe de ûndernimmers op Skylge genôch jild foar fiif nije edysjes Oerol byinoar, mei Joop Mulder as artistyk lieder. De ferkeap fan paspoarten mei tagong ta it festival moat dy ynvestearring werombetelje. De jierren dêrnei wreidet Oerol út mei hieltyd mear lokaasjeteäter. Yn 1995 wurdt it 'schuurtjestheater' yntrodusearre: teätermakkers moatte yn in skuorke yn koarte tiid in stik meitsje mei de minimale middelen dy't op it plak sels beskikber binne. Mulder wol Oerol delsette as in te"terwurkpleats, dêr't keunstners eksperimintearje en harren ûntwikkelje kinne.
Mei it suksesfoller wurden fan Oerol ferdwynt de frijfochten sfear út de jierren 1980. Der komme hieltyd mear 'gewoane' minsken op Oerol ôf en in soad foarstellings reitsje al betiid útferkocht. Yn 1998 steane der lange rigen foar de kaartferkeap en kinne je net mear op de bonnefoai op syk nei in foarstelling.
De gearwurking mei Tryater yn 1999 liedt ta it grutskalige lokaasjeteäterstik Peer Gynt op it strân by Easterein. Der komme lyryske reaksjes op. De namme fan Oerol is dan definityf fêstige.
De groei fan Oerol yn de jierren 1990:
Sjoch foar mear Oerol yn it ferline by it tema Oerol op Weromrop.