Hurdrinster Hinke Schokker nei jierrenlang proses frijsprutsen yn dopingsaak

11 jun 2021 - 06:41

Hinke Schokker is frijsprutsen fan dopinggebrûk. De hurdrinster fan Eastermar waard twa jier lyn posityf test op in dopingmiddel dat se om medyske redenen naam. Schokker waard dêrfoar yn earste ynstânsje foar twa jier útsletten, mar wurdt yn heger berop frijsprutsen troch it ISR (Instituut Sportrechtspraak).

Hinke Schokker - Foto: De Vries Media

De reden fan de frijspraak is dat Schokker dochs noch medyske dispensaasje krige om modafinil te brûken. Schokker naam dat medisyn earst sûnder doktersfoarskrift tsjin konsintraasjeklachten.

Doe't se yn 2019 Nederlânsk kampioen op de 100 kilometer waard, kaam de dopingkontroleur del. In posityf resultaat folge. It middel modafinil mei lykwols bûten wedstriden brûkt wurde, mar yn wedstriidferbân is it ferbean.

Schokker sei op tiid opholden te wêzen, mar der waarden dochs spoaren fan it middel yn har bloed fûn.

Proses

In lang proses folge. Schokker hold fol en frege mei weromwurkjende krêft medyske dispensaasje oan. Dat waard yn earste ynstânsje ôfwiisd, mar letter takend. Dy takenning liedt úteinlik nei twa jier prosedearjen ta frijspraak.

De Dopingautoriteit is wol noch hieltyd fan miening dat Schokker yn oertrêding is. Har ferhaal kloppet net, konkludearje sy. Schokker naam it middel nei eigen sizzen fanwegen konsintraasjeklachten, wylst it middel foarskreaun is foar ADHD, in diagnoaze dy't Schokker pas letter krige.

Schokker seit just dat dy diagnoaze efterôf in ferklearring is foar har klachten.

Bysûnder

It is bysûnder dat it ISR in sporter frijsprekt yn in dopingsaak. Ut ûndersyk fan Pointer fan KRO-NCRV docht bliken dat dat sûnt 2013 yn mar fjouwer fan de 78 saken bard is.

Trefwurden: 
hurdrinnen Hinke Schokker
(Advertinsje)
(Advertinsje)