Helte minder coronabesmettingen as ferline wike

11 jun 2021 - 06:42

It tal coronabesmettingen nimt noch hieltyd ôf yn Fryslân. De iene dei binne der soms krekt wat mear as in oare dei, mar it gemiddelde fan in wike lit in ôfname sjen. Dizze wike wienen der 267 besmettingen. Dat is de helte minder as de wike dêrfoar.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Trije gemeenten sûnder nije besmettingen

Op de Waadeilannen Flylân, Skiermûntseach en Skylge binne gjin besmettingen meld. It heechste oantal dizze wike wie yn Ljouwert mei 62 besmettingen, folge troch de gemeente Súdwest-Fryslân mei 37.

Ien stjergefal

Dizze wike is ien persoan stoarn as gefolch fan it coronafirus. Dat wie in ynwenner fan de gemeente Smellingerlân. Ferline wike wienen der gjin stjergefallen troch it coronafirus, dat wie de earste wike sûnt oktober. Yn de ôfrûne wike binne twa minsken opnommen yn it sikehûs.

Risikonivo RIVM

Mei it coronadashboard fan de oerheid wurdt om de twa wiken bepaald oft in risikonivo yn in Veiligheidsregio ek feroare wurde moat. Koartlyn sakke it nivo fan Fryslân al fan 'zeer ernstig' nei 'ernstig.' Dat jildt as der tusken de 100 en de 250 positive testen op 100.000 ynwenners yn de wike fêststeld wurde én as der sprake is fan tusken de 16 en de 27 sikehûsopnamen op 1 miljoen ynwenners de wike.

It risikonivo dêrûnder is: 'zorgelijk.' Dat jildt as der tusken de 35 en de 100 positive testen op 100.000 ynwenners binne yn ien wike en dat it tal sikehûsopnamen tusken de 4 en de 16 op 1 miljoen ynwenners de wike sit. Op 22 juny wurdt bepaald oft de situaasje yn Fryslân ôfskaald wurdt nei 'zorgelijk.'

Op dit stuit is it tal besmettingen omrekkene nei it tal ynwenners yn Dantumadiel it heechst. Dêr binne omrekkene 74 besmettingen op 100.000 ynwenners fêststeld. Dêrnei folgje Opsterlân en Noardeast-Fryslân mei beide 71 besmettingen op 100.000 ynwenners.

Mear as 43.000 Friezen hawwe corona hân

Mei de 267 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 43.615 Friezen it coronafirus fêststeld.

It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn ús provinsje stiet op 476 . It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
(Advertinsje)
(Advertinsje)