Drachtsterkompenije betinkt ûngelok fan 75 jier lyn mei monumint

10 jun 2021 - 20:54

Yn Drachtsterkompenije barde op 10 juny 1946 in slim ûngelok. In truck mei benammen jonge kuorballers kaam ûnder de tram. By dy botsing kamen seis minsken om it libben. De skok yn de streek wie grut. Op it plak fan dizze trageedzje is in monumint ûntbleate, eksakt 75 jier lyn.

Yn sa'n truck sieten de passazjiers - Foto: Smelne's Erfskip

Leden fan ferskillende kuorbalferieningen wienen op dy pinkstermoandei foar in grut kuorbaltoernoai nei De Rottefalle kaam. Op de weromreis gie it mis.

"De spilers fan distrikt Noardwâlde rieden werom yn in legertruck en de sjauffeur naam in oare rûte. Hy kaam by in trambaan dy't der doe noch wie yn 1946", fertelt amateur-histoarikus Ruurd Verbeek. "Mar hy koe de sitewaasje dêr net en der wie ek net in boerd om te warskôgjen. Hy hat de tram net sjoen, hoe't dat bard is, sil noait helder wurde. It boerd hie der wol stean moatten, mar dat wie nei fernielerij net werompleatst."

Seis minsken kamen om, fiif spilers en in trainer. "De jongste wie alve jier. It wienen fjouwer minsken út Makkingea, ien út Aldhoarne en ien út Nijhoarne. By de begraffenis stienen tûzenen oan de dyk."

Om stil te stean by dit 'fergetten' ûngelok is tongersdei in monumint ûntbleate. "Der binne neibesteanden fan de slachtoffers by en fertsjintwurdigers fan de sportferienings. De minsken binne oandien en fine moai dat it gebeurt. Se wurde der noch altyd troch rekke."

Ruurd Verbeek

Wytze Peetswei en Folgeralaan mei de eardere tramwei-oergong - Foto: Smelne's Erfskip

Dizze minsken kamen om by it ûngelok: Hendrik Tjassing (31 jier), Anne de Boer (16 jier), Jan Bergsma (15 jier), Pieter Nienhuis (11 jier), Jan Jansma (20 jier) en Anne Martha Mulder (20 jier).

Yn 1948 wie de lêste tramrit fan Drachten nei Grins - Foto: Smelne's Erfskip

De doe njoggenjierrige Grietje Haarsma-de Wit siet op dy bewuste dei yn de tram. "We hienen mei pear in sinten yn de tram nei Olterterp west. Dat wie de gewoante op pinkstermoandei, dan gienen we nei de boarterstún. Op in stuit kaam de kondukteur troch de tram en dy sei dat we útstappe moasten, want it wie earnstich. Ik seach dat der in truck ûnder de lokomotyf siet. En dy wie wol in meter as fyftjin meisleept. Dy auto wie healtroch." Letter hearde se dat der seis minsken stoarn wienen.

Se fûn de ûntbleating fan it monumint hiel yndrukwekkend. "Ik hie de triennen suver yn de eagen."

Grietje Haarsma-de Wit

(Advertinsje)
(Advertinsje)