Achtkarspelen hâldt goed seis miljoen oer

10 jun 2021 - 19:49

De gemeente Achtkarspelen hat ferline jier seis-en-in-heal miljoen euro oerhâlden. It positive resultaat komt foaral troch de opbringst fan de ferkeap fan Eneco-oandielen. Mei hjirtroch sit der no goed 23 miljoen euro yn de reservepot fan de gemeente.

It gemeentehûs fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen geane der fanút dat se dêr de kommende jierren in berop op dwaan moatte, omdat der minder jild fan it Ryk komt.

En der binne noch altyd gjin goede oplossingen betocht foar it ekstra jild dat de gemeente kwyt is oan de WMO en de jeugdsoarch.

Trefwurden: 
Achtkarspelen jild oandielen
(Advertinsje)
(Advertinsje)