Nederlânske fuotbalfroulju ferlieze oefenynterlân tsjin Italië

10 jun 2021 - 19:46

De Nederlânske fuotbalfroulju ha tongersdei yn it Italiaanske Ferrara de oefenwedstriid tsjin Italië mei 1-0 ferlern. De Oranjeliuwinnen binne yn de tarieding op de Olympyske Spelen.

Sherida Spitse yn aksje - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de 14e minút kaam Italië op in foarsprong troch in strafskop. Keepster Sari van Veenendaal siet der tichtby, mar se koe it skot net út de touwen hâlde.

By de seleksje sitte trije Friezinnen Sherida Spitse, Loes Geurts en Sisca Folkertsma. Yn de 60ste minút waard Folkertsma wiksele foar Lynn Willems. Flak dêrfoar hie de spylster út Sleat in goede foarset en dêrtroch kaam Daniëlle van de Donk yn in kânsrike posysje, mar de Italiaanske keepster kearde de bal.

De lêste seis wedstriden ha de Nederlânske froulju net ferlern. De foarige wedstriid (ek in oefenduel) tsjin Australië) waard mei 5-0 wûn.

Nije wike tiisdei stiet noch in oefenwedstriid tsjin Noarwegen op it programma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)