Tristan Bangma wurdt achtste yn de tiidrit op it WK yn Portugal

10 jun 2021 - 18:34

Parahurdfytser Tristan Bangma fan Donkerbroek is tongersdei op it WK parahurdfytsen achtste wurden. Mei syn piloat op de tandem wie er goed op wei, mar se binne fallen. It liket ta te fallen, mar Bangma hat wol lêst fan de heup en lit it foar de wissichheid even neisjen yn it sikehûs.

Foto: Omrop Fryslân

De 23-jierrige fan Donkerbroek docht dizze wike mei oan it WK parahurdfytsen yn it Portugeeske Cascais. By de tiidrit fan 33 kilometer is er tongersdei mei in tiid fan 04:54.53 as achtste einige.

De fokus leit dit WK op de weiwedstriid dy't sneon riden wurdt. Bangma sei earder dat dat syn spesjaliteit is en dêr de measte kânsen lizze.

Mei mei syn piloat Patrick Bos wûn er ferline wike op it EK twa titels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)