Epke Zonderland hat him wol ynskreaun foar World Cup yn Doha

10 jun 2021 - 18:20

Turner Epke Zonderland hat himsels ynskreaun foar de World Cup ein fan de moanne yn Doha. Mar oft er ek yn aksje komt hinget derfan ôf oft syn Japanske konkurrint foar in olympysk ticket dêr ek oan meidocht.

Foto: ANP

Dy Japanske konkurrint soe Zonderland foarby gean kinne yn de race om dielname oan de Spelen, as er op dy World Cup genôch punten hellet. Dêrom moat Zonderland dan sels ek meidwaan.

Syn coach Van Bokhoven tinkt dat de Japanner net komt. Hy ferwachtet dêr letter dizze wike mear dúdlikheid oer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)