Algeskermen moatte Harnzer strân skjin hâlde en rekreanten lûke

10 jun 2021 - 17:41

Algeskermen moatte it strân by Harns tenei skjin hâlde. De skermen filterje de algen út it seewetter. It falt allegear ûnder it projekt WadNu, dat it strân by Harns oantrekliker meitsje moat.

Algeskermen moatte Harnzer strân skjin hâlde en rekreanten lûke

Al mear as hûndert jier komme rekreanten nei it strân fan Harns. De lêste jierren is der grutte argewaasje oer de algesmots oan de kust.

Dy smoarge boel is ferline tiid as it oan de gemeente Harns en de provinsje leit. Der binne yn see in driuwend ponton en algeskermen pleatst. It is in proef fan in jier. It gebiet by it strân moat mear toeristen lûke, fynt de gemeente. Sa binne der ek plannen foar in seeswimbad by de Súdpier.

Trefwurden: 
Harns strân algeskerm WadNu
(Advertinsje)
(Advertinsje)