Bleate man brekt yn by Ljouwerter fleanbasis en fernielt de boel

10 jun 2021 - 17:34

In bleate man is moandeitenacht oer it stek by de fleanbasis yn Ljouwert klommen en hat der flink oan it fernielen west. Dat meldt de NOS. De man wie yn in wein stapt en dêrmei troch in roldoar fan in hangaar riden. Flak dêrnei waard er oppakt en oerdroegen oan de maresjaussee.

De fleanbasis yn Ljouwert op argyfbyld - Foto: Shutterstock.com (Mauvries)

Neffens in wurdfierder fan de maresjaussee like de man net goed by de holle wêzen. Hoe't er op it terrein komme koe wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert fleanbasis
(Advertinsje)
(Advertinsje)