Kolleezje Noardeast slút plaknammediskusje: fan 2023 ôf yn it Frysk

10 jun 2021 - 17:32

25 Doarpsnammen yn de gemeente Noardeast-Fryslân wurde fan 1 jannewaris 2023 offisjeel Frysk, as it oan it kolleezje fan B&W leit. Hiaure wurdt de Lytse Jouwer, Oudwoude wurdt Aldwâld en Paesens wurdt, as de gemeenteried it plaknammeplan akkordearret, fan 2023 ôf skreaun as Peazens.

Kolleezje Noardeast slút plaknammediskusje: fan 2023 ôf yn it Frysk

Nederlânske nammen bliuwe by fjouwer doarpen

Fjouwer doarpen oan de eastkant fan de gemeente hâlde harren Nederlânske namme. Burum, Munnekezijl, Warfstermolen en Kollumerpomp bliuwe yn it Nederlânsk skreaun, fanwegen ûnder oare it taalgebiet. Jan Theunis Zuidema fan pleatslik belang Munnekezijl is bliid: "In onze ogen konden zij (de gemeente red.) er ook eigenlijk niet omheen. 97 procent was voor de Nederlandse naam, dus we hadden ook eigenlijk niet anders verwacht."

Aalsum net bliid mei allinnich Ealsum

Yn Ealsum is de sfear wat minder bliid. "Wy moasten foar 1 maaie berjocht jaan oan de gemeente oft wy ús namme sa hâlde woene, sa't it no is", fertelt sekretaris André van der Land fan it doarpsbelang Aalsum. Foarsitter Ruud Slijpen hie mei meardere arguminten oanjûn by de gemeente, wêrom't sy neist de Fryske plaknamme-oanwizing ek graach de Nederlânske behâlde woene. "Der wurdt no eins net harke nei de mienskip, want sy (de gemeente red.) freegje earst om in reaksje, dy hearre se oan en dan wurdt dêr dêrnei net in soad mei dien." Ealsum is hielendal net tsjin de Fryske namme, mar wol graach de Nederlânske namme op it komboerd behâlde.

Foto: Ben de Jager, RTV NOF

Oanpassing heart by fúzjegemeente

Wethâlder Fedde Breeuwsma ljochtet it kosteplaatsje fan hast 4,5 ton ta. "Wy ha sa'n, skrik net, tsien miljoen euro krigen fan it Ryk om de fúzje te realisearjen en dit is gewoan in ûnderdiel fan de fúzje. Dat jild komt út Den Haag en dêr betellet de boarger út dizze mienskip neat foar."

Op de fraach wat Breeuwsma fan de wjerstân fynt tsjin allinnich de Fryske plaknamme, is de wethâlder likernôch dúdlik. "De oanpassing wurdt dien nei oanleiding fan in Europeesk Manifest, wêryn stiet dat lytse talen yn lytse taalgebieten der mei in gemeentlike fúzje net op achterútgean meie, wat it taalbelied oanbelanget."

De gemeenteried hat it lêste wurd

Op 8 july oansteande bûcht de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân him noch ris foar -as it goed is- in lêste kear oer it plan. Mochten sy ynhâldlik noch dingen oanpasse wolle, soe dat kinne mei help fan in (breed droegen) amendemint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)